Man mei pech rekket auto kwyt

29 jan 2012 - 15:07
Plysje - Foto: Omrop Fryslân

In man (54) út Sint Anne is sneon syn auto kwytrekke. Plysjes seagen de man mei pech oan de Stienzerhegedyk yn Stiens stean. It die bliken dat de bestjoerder ferskate boetes en gizelingen iepenstean hie. Hy moast nei it buro en syn auto is ôffierd.

Trefwurden: 
plysje boetes Stiens
(Advertinsje)
(Advertinsje)