Gefaarlike rider oanhâlden

23 okt 2013 - 11:43

In 26-jierrige automobilist út Ljouwert is tiisdeitemoarn syn rydbewiis kwytrekke. Op de A7 hâlde de plysje by Mearum in kontrôle en seach dat de bestjoerder mei faasje op syn foarlizzers oanried en bumperkleefde.

De man is steande hâlden op in yndustryterrein. Hy moat in kursus folgje by it CBR.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)