Kat besketten yn Dokkum
Yn Dokkum is in kat besketten. Yn de omkriten fan de Kwikstrjitte fûnen buertbewenners it ferwûne bist sneontemoarn. Sûnt freed wie de kat poater. De bistedokter seach dat it bist besketten wie en hat in kûgeltsje fuorthelle. De plysje ûndersiket de saak en siket tsjûgen.