Rekôrtal besikers Omropwebside

De ravaazje fan boppen © Omrop Fryslân
Omrop Fryslân wie it ôfrûne wykein it nijsmedium dat it meast brûkt is foar ynformaasje oer de grutte brân yn Ljouwert. Ekstra útstjoerings op radio en televyzje lutsen tûzenen ekstra harkers en sjoggers, sa is de ekstra Hjoed op sneontejûn besjoen troch hast 200.000 sjoggers. De webside krige in rekôrtal besikers fia fêst en mobyl ynternet.
Fia de webside is sneon en snein yn totaal mear as 50.000 kear nei fideo’s sjoen. Op snein helle de webside hast 400.000 pageviews, mear as 135.000 besiken en 76.000 unike besikers.
Ek snein en moandei is massaal ôfstimd op de Omrop om de fierdere ûntwikkelings te folgjen.