Strontrace: Eelkje II earste

23 okt 2013 - 08:43

De Eelkje II is as earste oer de finish kaam by de 40e edysje fan de strontrace. It skip kaam tiisdeitenacht om sân minuten oer trijen as oan yn de haven fan Warkum. De strontrace giet fan Warkum nei Warmond en wer werom nei Warkum. De offisjele útslach wurdt tongersdeitejûn of úterlik freedtemoarn bekendmakke, at alle skippen wer werom binne.

Tiisdei wie by de oankomst fan de skippen yn Warmond noch in ûngelokje. De Willem Jacob, ien fan de strontskippen yn de swiere klasse, ramde yn de haven de teekoepel.

Net ien rekke ferwûne, mar de skea oan de koepel is wol grut.

Trefwurden: 
Warkum Strontrace
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)