'Hegere aksyns is nije klap'

22 okt 2013 - 22:05

De hoarekabedriuwen en drankhannel krije opnij in klap. Dit kear troch de hegere aksyns dy't op 1 jannewaris ynfierd wurdt. It glês bier wurdt hjirtroch sa'n tweintich sint djoerder. Neffens Gerlof Bleeker fan de Koninklijke Horeca Bond sille in oantal bedriuwen de holle net mear boppe wetter hâlde kinne.

De omset en de winst yn de hoareka en by de drankhannel binne neffens it CBS al bot weromrûn nei de ferheging fan de BTW. In oar punt is dat de konkurrinsje mei sportkantines hieltyd grutter wurdt.

Trefwurden: 
BTW hoareka aksyns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)