'N359 moat útwreide wurde'

22 okt 2013 - 20:21

De ferkearssituaasje op de rûte fan Himmelum fia Warns nei Starum is ûnhâldber, fine bewenners. Grut frachtferkear jaget al skoften oer de smelle, trochgeande dyk yn de beboude kûm. Al jierren stride ynwenners fan de trije plakken foar in alternatyf.

Sy sjogge leaver dat de provinsjale dyk (N359) útwreide wurdt mei in rûnwei om de doarpen hinne. Tiisdeitejûn bea in spesjale wurkgroep út de trije wenplakken in rapport oan op de 'Praat met de Raad' gearkomste yn Koudum. Op dy wize wol de groep it ûnderwerp wer op de politike aginda krije.

Trefwurden: 
ferkear Starum Warns Himmelum N359
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)