'Swarte Pyt hoecht net wyt'

22 okt 2013 - 16:49

Der moat neat feroarje oan it uterlik fan Swarte Pyt. Dat seit 92 prosint fan de ûnderfrege Friezen yn it Opinypanel fan Een Vandaag. Fan de 790 Fryske panelleden fynt 90 prosint it boppedat in minne saak dat de VN har bemuoit mei de rol dy't Swarte Pyt spilet yn Nederlân. De helte fan de ûnderfrege Friezen jout oan dat se Swarte Pyt sjogge as freon fan Sinteklaas, 34 prosint beskôget him as knecht fan de Sint.

Trefwurden: 
EenVandaag Swarte Pyt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)