Tsjûkemarmoard: mear ûndersyk

It Iepenbier Ministearje wol in saneamd lymûndersyk útfiere yn de saak fan de Tsjûkemarmoard. Dat fertelde de offisier fan justysje tiisdei yn de proformasitting tsjin de twa Amsterdamske fertochten yn de moardsaak. De rjochtbank bepaalde dat de twa fertochten, in heit en in soad fan 41 en 17 jier, net frijlitten wurde kinne.
It slachtoffer yn de saak wie de Amsterdammer Omar Kourrich, in goede bekende fan âldste fertochte. Hy waard op 20 juny festbûn en ferbaarnd oantroffen oan de Tsjûkemar flakby Ulesprong.
Justysje wol no de lienauto fan Kourrich mei lymûndersyk noch in kear hiel krekt neisjen op fingerprinten om de saak fierder technysk klear te meitsjen.
Justysje seit hiel sterke oanwizings te hawwen tsjin de twa Amsterdamske fertochten. Sa is der bloed fan it slachtoffer fûn yn de winkel fan de âldste fertochte. Boppedat hat út tillefoanspoaren bliken dien dat de man yn de nacht fan 19 op 20 juny nei Fryslân reizge is en doe weromgien is nei Amsterdam. Justysje is ek noch op syk nei in tredde fertochte yn de saak, in 26-jierrige Roemeen.