'Gjin klachten brânfeiligens'

22 okt 2013 - 16:08

De ynwenners fan de apparteminten boppe de kapperssaak fan Wyb Feddema oan De Kelders yn Ljouwert hawwe nea klage oer brânfeiligens. Dat seit Feddema nei krityk fan syn hierster Maeike de Jong. Sy en de oare trije hierders, ek de by de brân omkommen Idsart Otte, soene in dossier oanlein hawwe mei ek mailferkear mei hûseigener Feddema. Njonken oer brânfeiligens soene de mailtsjes ek gien wêze oer lekkaazjes en stikkene ruten.

Feddema seit dat er trije mailtsjes krigen hat, oer in lekkende dûs, in lekkend dak fan de buorman en in kapot rút.

Feddema hat de plysje oanbean syn kompjûter te kontrolearjen. De fergunnings binne yn oarder, seit Feddema. Sa goed er wit, binne de apparteminten ien kear kontrolearre yn de hast tritich jier dat er eigener is.

Feddema is der, nei eigen sizzen, kapot fan. Syn gedachten binne foaral by de famyljeleden fan it slachtoffer. Hierster Maeike de Jong wol gjin kommentaar jaan. Sy is te bot oandien troch it drama.

Neffens de gemeente binne de fergunnings dy't Feddema foar de apparteminten op De Kelders hat yn oarder. Omdat it om apparteminten en net om keamerbewenning giet, komt de gemeente net geregeld del om te kontrolearjen.

Trefwurden: 
Wyb Feddema brân Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)