ADO-Hearrenfean op 4 desimber

De wedstriid tusken ADO Den Haach en SC Hearrenfean wurdt op woansdei 4 desimber ynhelle. It duel op it nije keunstgers begjint om acht oere jûns. Dat hat de KNVB bekend makke. De wedstriid stie pland op 5 oktober, mar troch it dramatyske minne fjild fan ADO koe der net spile wurde. De KNVB besleat de ynhelwedstriid op woansdeitemiddei 27 novimber te spyljen, om healwei fjouweren middeis. Dat woe trainer Marco van Basten beslist net om't de Feansters dan trije wedstriden yn ien wike spylje moasten: op sneon, woansdei en dan wer op sneon.