E-bike fan Batavus wint priis

Fytsefabryk Batavus fan It Hearrenfean hat in priis krigen foar de ûnsichtbere akku yn de e-bike. De Fiets Innovatie Award is foar de 'E-go® RemovE.' Dizze akku is maklik út de fyts te heljen en fuortwurke yn de kettingkast. De e-bike liket dêrmei in soad op in gewoane fyts. It design, de feilichheid en it komfort fan de akku wurde priizge. De priis is ynsteld troch de RAI en ek it publyk wie te sprekken oer de ûnsichtbere akku.