30.000e besiker Fries Museum

Saskia Bak lokwinsket 30.000e besiker © Laurens Aaij
It nije Fries Museum yn Ljouwert hat tiisdei de 30.000e besiker wolkom hiten. It giet om de famylje Boonstra út Ried. Dy waard troch museumdirekteur Saskia Bak yn it sintsje set.
It museum hellet de 30.000e besiker yn de fyfde wike fan it bestean. It fernijde museum op de lokaasje-Saailân waard op 13 septimber iepene troch keninginne Máxima. Ut sifers fan it museum docht bliken dat sawat in tredde fan de besikers út Fryslân sels komt.