Soad bekeurings by kontrôle A7

De plysje hat sneintemiddei en sneintejûn 22 minsken op 'e bon slingere by in ferkearskontrôle op de A7. De bestjoerders krigen in bekeuring om't se te hurd rieden. Fan in motorrider waard it rydbewiis ynnaam om't er 200 kilometer yn 'e oere ried. Fjouwer minsken waarden bekeurd om't se de riem net om hienen, rieden sûnder rydbewiis, de autoruten tichtplakt hienen of toeteren sûnder dat dêr needsaak ta wie.