Man smyt guod tsjin wente

In Jouster fan 39 jier is moandeitenacht oanhâlden foar fernieling, bedriging en mislediging. De plysje hie in melding krige dat ien op de Lijnbaanstrjitte guod tsjin in wente oan smiet. De plysjes troffen dêr de man oan. Hy soe de bewenster fan it hûs ek bedrige hawwe.
By syn arrestaasje fersette de Jouster him bot en hy misledige de plysje ferskate kearen. De man is meinaam nei it plysjeburo foar ferhear.