Ljouwerter fytsedief oanholden

Oanhâlding troch plysje © ANP XTRA
In 34-jierrige man út Ljouwert is moandeitenacht oanholden foar it stellen fan in fyts. De man rûn tsjin de lampe doe't er in lokfyts fan de plysje op it stasjon meinaam. De Ljouwerter koe oanhâlden wurde op it Stasjonsplein. De kniptange dy't er by him hie is yn beslach naam. De dief is meinaam nei it plysjeburo foar ferhoar.