Jong Hearrenfean spilet lyk

21 okt 2013 - 21:20

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn de útwedstriid tsjin Jong Vitesse mei 2-2 ôfsletten. Op Papendal begûn de ploech fan trainer Marco Roelofsen sterk oan de wedstriid. Yanic Wildschut soarge yn de earste minút foar de Feanster foarsprong, Uche Nwofor ferdûbele de marzje yn de 23e minút: 0-2. Trije minuten letter brocht Jonathan Reis de spanning werom en noch foar it skoft wie de stân wer yn it lykwicht troch Giorgi Chanturia. Nei de tee waard it spul der net better op en wiene der gjin grutte kânsen mear. Jong Hearrenfean is fjirde mei 11 út 7.

By SC Hearrenfean hat A1-middenfjilder Janio Bikel hjoed in twajierrich kontrakt tekene, mei in opsje foar noch twa jier. De 18-jierrige Bikel makke ferline wike syn debút foar Portugal-19 yn de wedstriid tsjin Spanje-19 mei in fjouwerlannetoernoai. Bikel, berne yn it Afrikaanske Guinee-Bissau, spilet sûnt 2012 yn de jeugdoplieding fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)