Ekstra audysjes Tryater
Tryater hâldt yn novimber twa ekstra audysjes foar sjongers foar de strjitopera De IIsfoarstin. Der komme noch hieltyd oanfragen foar de audysje. Ynskriuwe kin op de site fan Tryater.
Ut de auditanten wurdt in koar fan hûndert sjongers gearstald. De strjitopera wurdt takom jier spile fan 13 oant en mei 31 maaie.