Soad fragen oer brân Ljouwert

De gemeente Ljouwert is oerstjalpe mei help oan dupearren fan de grutte brân fan ôfrûne wykein. Op it gemeentlik nûmer 14058 binne in soad oanbiedings kaam fan minsken dy't graach helpe wolle. It nûmer wie sûnt sneontejûn dei en nacht te beljen.
De measte fragen kamen fan dupearren en binne benammen praktysk fan aard: wêr't se wêze moatte foar help en wat se fierder dwaan moatte. So wolle ek graach harren persoanlik ferhaal kwyt. De meiwurkers fan it callcentre binne ûnder de yndruk fan de help dy't oanbean wurdt.