Oarsaak brân noch net bekend

21 okt 2013 - 15:23

It is noch hieltyd net dúdlik wat de oarsaak west hat fan de grutte brân op de Kelders yn Ljouwert dit wykein. Neffens in wurdfierder fan de gemeente Ljouwert kin it noch wol in wike duorje foardat it ûndersyksteam by it plak komme kin yn de kleanwinkel Hajarita Fashion dêr't de brân sneon ûntstien is.

Fanwege it ynstoartingsgefaar fan de útbaarnde winkelpannen en wenapparteminten hat de gemeente Ljouwert de ôfsetting om de ferbaarnde gebouwen hinne oan de Kelders sels útwreide.

De gemeente hat moandei mei plysje, brânwacht en GGD praat oer de stappen dy't de kommende dagen nedich binne. In ekstern buro sil de helpferliening by de brân evaluearje, seit boargemaster Ferd Crone. By de brân oan de Kelders kaam de 24-jierrige Idsart Otte om it libben. Neffens boargemaster Ferd Crone leit de kommende dagen de klam op rouferwurking. Ek sil de gemeente alles dwaan om alle dupearren wer in goeie húsfesting te jaan.

Trefwurden: 
brân oarsaak Kelders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)