Crone:buertbewenners gau helpe

21 okt 2013 - 12:48

De gemeente Ljouwert docht syn uterste bêst om alle minsken dy't dupearre binne troch de grutte brân yn de binnenstêd foar moandeitejûn wer plak te jaan. Moandeitemoarn hat der wer oerlis west tusken alle helptsjinsten. Moandei noch wurdt sjoen hokker wenningen wer geskikt makke wurde kinne foar bewenning.

Boargemaster Crone kaam sneintenacht werom fan syn fakânsjeadres yn Portugal en hat moandeitemoarn persoanlik de situaasje op de Kelders besjoen.
Fierder sil praat wurde mei de dupearre ûndernimmers om oare winkelromte te finen.

En der komt noch in evaluaasje mei alle belutsenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)