Fiskstreupers oppakt by Heech

21 okt 2013 - 12:23

In man út De Gaastmar (24) en in Snitser (28) binne freedtejûn oanholden op de Hegemermar op fertinking fan fiskstreuperij. De plysje en opsporingsamtners fan de Voedsel- en Warenautoriteit seagen de manlju mei snoekbearsnetten yn 'e boat de mar opfarren. By kontrôle die bliken dat se gjin fergunning hienen. Mei-inoar waarden fiif netten, in stielen skou en in bûtenboardmotor yn beslach naam.

De noch libjende fisk is weromset yn it wetter. Beide manlju binne nei ferhoar wer frijlitten. Der is proses-ferbaal tsjin har opmakke.

Trefwurden: 
Heech fiskstreuper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)