Brân is klap foar âld Ljouwert

© Omrop Fryslân
By de brân is sneon en snein ien fan de âldste dielen fan Ljouwert ferlern gongen. Dat seit Klaas Zandberg fan it histoarysk sintrum HCL. De Kelders wiene yn de 15e ieu al beboud. Der wennen rike keaplju, dy't harren jild fertsjinnen mei de hannel in eintsje fierderop, op de Brol. It âlde stedhûs siet der flakby.
De gevels fan in tal huzen binne letter fernijd, mar fierderop yn de gebouwen kin nei de brân noch histoarysk weardefol materiaal fûn wurde, tinkt Zandberg.
De brân past neffens Zandberg yn it rychje fan bekende brânen yn de binnenstêd, lykas de brân by V&D yn de jierren '60, by de Wibra yn de jierren '90 en de pakhuzen Odessa en Riga oan it Hoeksterend. Oan de Foarstreek en yn de Lytse Tsjerkestrjitte wiene yn de resinte skiednis ek brannen.