Cambuur mei 3-1 ûnderút by AZ

20 okt 2013 - 18:18

SC Cambuur hat snein mei 3-1 ferlern fan AZ. Yn Alkmaar kamen de Ljouwerters fol fjoer út de startblokken. Yn de 7e minút kopte Michiel Hemmen Cambuur brutaal op 1-0 foarsprong. Fuort dêrnei krige Hemmen opnij in goede kâns. Oan de oare kant wie it Roy Beerens dy't foar de 1-1 tekene, wêrnei't Aron Johannsson op slach fan rêst de 2-1 makke.

Nei rêst moast Cambuur op jacht nei de 2-2. Ien momint fan ûnoplettendheid by in frije traap soarge derfoar dat Johannsson yn de 68e minút de 3-1 binnensjitte koe. Dêrmei't smiet AZ de striid yn it slot.

Cambuur bliuwt troch it ferlies op 9 punten út 10 wedstriden stean en stiet dêrmei op it 15e plak.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)