Nijs brân berikt bûtenlân

Website ABC News
It nijs fan de brân yn Mata Hari har bertehûs hat de bûtenlânske media ek berikt. It Australyske ABC News skriuwt op de eigen ynternetside it berjocht 'Mata Hari birthplace in the Netherlands gutted by fire'. Nei in koart stikje oer de brân 'in the Frisian city of Leeuwarden' folget in útweiding oer de eksoatyske dûnseres Mata Hari. Fierders is it nijs ûnder oare ek te lêzen by it Frânske Quest France, it Dútske Die Welt en de Irish Times.
De wrâldferneamde Mata Hari wie de Ljouwerter dûnseres Margaretha Geertruida Zelle. Se waard fusillearre omdat se in spionne wêze soe. Stjerren lykas Greta Garbo en Zsa Zsa Gabor spilen har rol yn films.