Sjinkie Knegt yn goede foarm

20 okt 2013 - 16:04

Shorttracker Sjinkie Knegt hat snein syn goede foarm sjen litten op de Alta Valtellina Trophy. Yn it Italiaanske Bormio wie de 24-jierrige Bantegeaster de rapste op de 1000 en de 1500 meter. Op de 500 meter moast er allinnich de Rus Dmitry Myasnikov foargean litte.

It wienen de earste wedstriidkilometers foar Knegt, dy't ein augustus operearre waard oan syn knibbel. De Bantegeaster wol wer fit wêze foar de Olympyske Spelen yn Sotsji takom jier.

Trefwurden: 
shorttrack Sjinkie Knegt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)