Wichers en Roorda judokampioen

Jennifer Wichers en Berend Roorda binne yn Rotterdam Nederlânsk kampioen judo wurden. Wichers, ôfkomstich út Burgum, die dat yn de klasse oant 63 kilo. Roorda waard foar de tredde kear Nederlânsk kampioen yn de klasse oant 100 kg. Op it NK yn Rotterdam wûn de judoka fan de Grinzer Mattekloppers yn de finale mei waza-ari fan Timo Lesterhuis. In dei earder pakte Wytze de Jong ek goud en Miranda Wolfslag sulver.