Brânwacht behoffenet gevels

De brânwacht hat sneintemiddei fan in tal gevels fan útbaarnde gebouwen yn Ljouwert gefaarlik los sittende dielen ôf helle. Mei-elkoar fiif winkels en alve wenten binne folslein útbaarnd. Omlizzende gebouwen hawwe grutte skea oprûn.
In tal gevels is ynstoarten. It troffen gebiet yn it sintrum fan Ljouwert bliuwt foarearst ôfsletten.