Lichem slachtoffer burgen

It lichem fan it 24-jierrige slachtoffer fan de grutte brân yn Ljouwert is snein tusken de middei pas burgen. Dat koe net earder, omdat it te hjit wie. It slachtoffer hie sneon noch belle mei de plysjemeldkeamer. Dy hat besocht de man út it baarnende gebou te krijen, mar dat slagge net fanwege de reek. Ien brânwachtploech besocht de man mei in heechwurker te berikken en de oare yn it gebou sels. Se koene him net rêde fanwege it gefaar.
It petear fan it slachtoffer mei de meldkeamermeiwurker is opnaam. De opnames wurde brûkt foar it ûndersyk.
By de grutte brân yn de binnenstêd fan Ljouwert binne ek noch trije ferwûnen fallen.