Tsjûgen grutte brân socht

20 okt 2013 - 10:31

De plysje is op syk nei minsken dy't sneontemiddei yn ien fan de winkels oan de Kelders west hawwe. Fierders wol de plysje ek yn kontakt komme mei minsken dy't yn ien fan de troffen winkels oan de Kelders wurken. Op syn minst fyftjin winkels en wenningen binne troffen troch de grutte brân.

Om 11 oere sneintemoarn wurde de bewenners en ûndernimmers yn it gebiet op in byienkomst bypraat troch de gemeente. De plysje begint snein ek mei it ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. In tsjûge sei dat se sjoen hie dat in stofsûger yn 'e brân slein wie.

Trefwurden: 
Ljouwert brân Kelders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)