'Feroarings Vitens gean troch'

It opstappen fan de direksjefoarsitter fan Vitens hat gjin inkele ynfloed op de reorganisaasje by it wetterbedriuw. Dat skriuwt it kolleezje fan DS yn antwurd op fragen fan de fraksje fan de PvdA. De partij stelde de fragen al yn novimber, mar de provinsje koe de fragen net earder as no beantwurdzje. DS jouwe wol oan dat de provinsje ynfloed hat op de beneaming fan de nije foarsitter. As grut oandielhâlder kinne DS in stim útbringe. Direksjefoarsitter Terwisga stapte yn novimber op, nei ferskil fan ynsjoch oer de reorganisaasje.