Ekhart: dupearren gau helpe

De gemeente Ljouwert sil alles op alles sette om de dupearren fan de brân sa gau mooglik oan nije wenromte te helpen. Ek sille de ûndernimmers holpen wurde by de ofhanneling fan de skea en de weropbou fan har saak. Loko-boargemaster Andries Ekhart makke sneontenacht bekend dat fyftich minsken direkt troffen bin troch de brân.
Sy wennen yn ien fan de alve wenten of binne evakuearre. Ekhart sprekt fan in katastrofe foar Ljouwert.