Gaslekken pleagje brânwacht

20 okt 2013 - 01:46

By it bestriden fan de grutte brân op De Kelders yn Ljouwert hie de brânwacht sneontenacht lest fan in pear grutte gaslekken. Troch de oanfier fan gas wie it lestich foar de brânwacht om it fjoer te bestriden. Troch de gasfoarsjenning yn it gebiet stap foar stap ôf te sluten moat it makliker wurde foar de brânwacht om it fjoer lang om let út te krijen. Brânwacht, plysje en gemeente Ljouwert joegen sneontenacht om 01.30 oere in parsekonferinsje.

Oan it bestriden fan de brân hawwe 15 brânwachtkorpsen meidien.

Al mei al wiene der sneontejûn en sneontenacht tusken de hûndert en hûndertfyftich minsken yn tou. Wethâlder Ekhart hat wurdearring foar de ynset fan brânwacht en oare helptsjinsten.

Trefwurden: 
brân gaslek Kelders
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)