'Brân begûn mei stofsûger'

De grutte binnenstedsbrân yn Ljouwert soe sneontejûn begûn wêze troch brân yn in stofsûger. Dat fertelt tsjûge Ria Jongstra, dy't op dat stuit lâns de winkel yn 'urban streetware' rûn. It waard yn de winkel gau sa hyt, dat de meiwurkers flechtsje moasten. Se warskôgen wol de bewenners fan keamers boppe de winkel en hawwe ek gelyk brânwacht en plysje warskôge.
De brân wie lykwols sa fûl dat dy hiel gau oersloech nei de buorpannen. De plysje koe sneontejûn noch net befestigje dat de grutte brân yndie by de stofsûger begûn is.