Brân: mooglik ien slachtoffer

19 okt 2013 - 21:42

By de grutte brân yn de Ljouwerter binnenstêd is sneon mooglik ien slachtoffer fallen. In bewenner fan ien fan de apparteminten boppe de winkels op De Kelders wurdt fermist. In ferslachjouwer fan Omrop Fryslân op lokaasje hat dit út betroubere boarne te hearren krigen. De plysje kin op dit stuit noch net befestigje dat der in slachtoffer is.

Buertbewenners wurde opheind yn Hotel Post Plaza. Dêr is ek profesjonele help oanwêzich. Foar minsken dy't net sa gau sliepplak fine kinne, wurdt in hotelkeamer regele by Post Plaza of it WTC Hotel.

Trefwurden: 
brân slachtoffer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)