Rally fan Aldehou nei Afrika

19 okt 2013 - 14:50

In lyts tweintich amtners en bestjoerders fan Fryske gemeenten en de provinsje binne yn in rally ûnderweis nei Afrika. De start wie sneon op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert. De tocht giet ûnder oare troch de Sahara. Nei goed 8000 kilometer riden einiget it yn Gambia.

Mei de tocht wurdt jild ynsammele foar in goed doel. De oankomst is nei alle gedachten oer twa-en-in-heale wike.

Trefwurden: 
Aldehou rally
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)