Wenningmerk foar starters

19 okt 2013 - 12:53

Wonen Noordwest-Friesland hâldt sneon yn St. Anne foar de twadde kear de Zeker Wonen Dag. De dei is benammen bedoeld foar starters dy't fragen hawwe oer harren kânsen op de wenningmerk. Sy kinne it oanbod fan hier- en keapwenten besjen, mar kinne ek ynformaasje krije oer it keapjen fan harren hierwenning.

Neist meiwurkers fan Wonen Noordwest-Friesland, jouwe adviseurs fan de Rabobank, notariskantoar Jelsma Koelma Netwerk en makelerij Germeraad & Germeraad persoanlik advys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)