Aksje tsjin komst wynmûnen

19 okt 2013 - 12:28

De Stifting Don Quichote hâldt yn Makkum in hântekenaksje tsjin de komst fan in grut wynmûnepark yn de Iselmar. Minister Kamp wol dêr graach in wynmûnepark, om't Nederlân mear griene stroom opwekke moat.

Ynwenners fan Makkum binne poer op de plannen. Se binne benaud dat der troch de wynmûnen minder toeristen nei Fryslân takomme sille. Foarsitter Pieter Tichelaar fan de stifting seit dat Makkum miljoenen euro's ynvestearre hat yn it toerisme en hy tinkt dat hjir in soad fan ferlern giet.

Moandei wurdt dúdlik hoefolle hântekens oft set binne. Doel is se oan te bieden oan de Provinsje Fryslân en oan minister Kamp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)