Gymseal kriget noch in kâns

De âlde gymseal yn Berltsum bliuwt foarearst dochs noch efkes stean. Dat seit wethâlder Lute Pen fan de gemeente Menameradiel. Yn Berltsum is koartlyn in nije brede skoalle yn gebrûk naam. De âlde basisskoalle en gymseal binne net langer nedich.
De gemeente hie it plan om de gebouwen te slopen, mar ynwenners fan Berltsum tinke dat de gymseal brûkt wurde kin foar oare saken. Wethâlder Lute Pen jout de ynwenners fan Berltsum no oant 5 novimber de kâns om sels mei plannen te kommen foar in nije bestimming.
Nei dy datum sil de gemeente besjen wat mei it gebou dien wurde moat. Op dit stuit is noch net dúdlik foar hoefolle jild oft de gymseal ferkocht wurde sil.