Lestige bruorren oppakt

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon op de Vleesmarkt op It Hearrenfean twa ynwenners fan Aldeberkeap oppakt. It giet om twa bruorren fan 22 en 25 jier âld. De jongste waard oanhâlden, neidat er plysjes misledige hie. Dat wie omdat dy neffens him net gau genôch in frou oppakten.
Syn 25-jierrige broer begûn him mei de oanhâlding te bemuoien. Uteinlik waard hy ek oanhâlden. De bruorren moatte sneon foar it ferhear komme.