Fryske studinten nei Ruslân

19 okt 2013 - 09:36

In groep studinten fan hegeskoallen NHL en Stenden yn Ljouwert is sneontemoarn begûn oan in reis nei Ruslân. It giet om in stúdzjereis dy't se meitsje nei ûnder oare Moskou en Sint Petersburg. De reis komt op in momint dat der spannings binne tusken Ruslân en Nederlân. It ministearje hat gjin negatyf reisadvys jûn en dêrom giet de reis gewoan troch.

De organisaasje fan de studintereis nei Ruslân hâldt der fanwege de spannings wol rekken mei dat de reis ynkoarte wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)