Tweintichste Brandarisrace

Op it Waad wurdt sneon de 20e edysje fan de Kuiper Brandarisrace hâlden. Dat is de grutste sylrace foar de brune float. Der dogge 80 skippen oan mei, wylst der wol belangstelling is fan 200. Neffens de organisaasje is dêr, ûnder oare sjoen de smelle fargeulen, gjin plak foar. De race begûn yn 1993 by it 400-jierrich bestean fan fjoertoer de Brandaris op Skylge. By dat eilân leit ek de finish fan de race, wylst de start by Harns is.
Neffens de organisaasje binne de omstannichheden sneon ideaal foar de race.