Spektakel by fuotbalfroulju

19 okt 2013 - 00:06

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freedtejûn yn in spektakulêr duel wûn fan Lierse SK. De ploech fan trainster Jessica Torny pakte mei 6-5 de folle winst, wylst de Feansters in oere mei in frou minder spilen.

Al nei in heal oere krige keeper Nienke Olthof read foar in tackle. De Belgen kamen doe op 3-1 en it like oer en út. Mar Vivianne Miedema, topskoarder fan Hearrenfean en Nederlân, soarge mei fiif treffers foar de swierbefochten oerwinning. Nei acht duels binne de Feansters ferrassend koprinner fan de BeNe League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)