Hemmen noch ûnseker foar AZ

Michiel Hemmen © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
It is noch net wis oft Michiel Hemmen snein meispylje kin by Cambuur yn de wedstriid tsjin AZ. Hemmen is blessearre en it is noch ôfwachtsjen hoe't de spits him wersteld fan de training fan freed. Trainer Dwight Lodeweges sil it yn Alkmaar opnimme moatte tsjin AZ sûnder Martijn Barto, Marlon Pereira en Marco van der Heide, dy't allegear blessearre binne. Oanfierder Ramon Leeuwin stiet al yn de basis.