Gjin treinen nei Stienwyk

ProRail sil yn de hjerstfakânsje oan 'e slach mei it fernijen fan santjintûzen dwerslizzers tusken It Hearrenfean en Stienwyk. Sneon wurdt der op It Hearrenfean útein set mei in robottrein dy't eltse dei twa kilometer nij spoar oanleit. Dêrtroch is der njoggen dagen lang gjin treinferkear tusken Stienwyk en It Hearrenfean. Om foar sa min mooglik oerlêst te soargen, hat ProRail der foar keazen om it wurk yn de hjerstfakânsje út te fieren.
Ek sille der wurksumheden útfierd wurde by it stasjon yn Wolvegea.