Friese Poort sil Eco-Car bouwe

Op ROC Friese Poort yn Ljouwert wurdt it kommende healjier wurke oan in prototype foar in folslein skjinne elektryske auto. De ôftraap foar de bou fan de Eco-Car, sa as it projekt hjit, waard freedtemoarn jûn troch de Ljouwerter miljeuwethâlder Isabelle Diks. Oan it projekt dogge njonken gemeente en learlingen fan de Friese Poort ek in tal bedriuwen mei.
It doel is dat der in auto ûntwikkele wurdt foar op syn minst twa persoanen, dêr't bygelyks toeristen gebrûk fan meitsje kinne as Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is yn 2018.
Oft de auto dêrnei yn produksje naam wurdt is noch lang net wis. De Friese Poort sjocht de gemeente Ljouwert as wichtichste opdrachtjouwer. Mar Ljouwert stekt der net in soad jild yn en jout ek gjin ôfnamegarânsje. Wethâlder Diks hopet dat de auto aansens nijsgjirrich genôch wêze sil foar it bedriuwslibben om yn produksje te nimmen. Dêrby wurdt bygelyks tocht oan Frisian Motors út Bakkefean, ien fan de dielnimmers oan it projekt.