Man út Drylts wer fûn
De fermiste Albert Mulder út Drylts is weromfûn. Hy waard freedtemoarn sjoen yn Ommen. Dêr wurdt er freed noch troch syn famylje ophelle. De 28-jierrige Mulder sette woansdei mei syn auto ôf nei in ûnbekende bestemming. Sûnt dy tiid waard der neat mear fan him fernaam.
Tongersdei brocht de plysje in opspoaringsberjocht nei bûten. Dat is no ynlutsen.