Lêste dei doarpsskoalle Wikel

18 okt 2013 - 10:31

De basisskoalle yn Wikel giet definityf ticht. Freed is de alderlêste skoaldei foar de fiif learlingen dy't noch op skoalle sitte. In te lyts tal om de skoalle langer iepen te hâlden. De doarpsskoalle slút nei in lange perioade fan striid tusken tusken âlden en kristlike ûnderwiiskoepel Nije Gaast. Dy makke begjin ferline jier bekend de skoalle yn Wikel te sluten, wêrnei't âlders fûl yn ferset kamen.

Dat resultearre der yn dat sa'n 30 âlden nei de hjerstfakânsje de bern nei de iepenbiere skoalle yn Balk brochten.

Yn Wikel sieten oan it begjin fan dit skoaljier noch 16 learlingen. Dat tal is fierder weromrûn oant fiif.

Trefwurden: 
skoalle ticht Wikel Nije Gaast
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)