Wurkwike tusken de kij

18 okt 2013 - 08:45

Learlingen út de tredde klasse fan skoalle de Amersfoortse Berg út Amersfoort bringe dizze dagen har wurkwike troch tusken de Fryske kij. De bern sitte ûnder oare op fjirtjin pleatsen yn de gemeenten Dantumadiel en Dongeradiel. De gastgesinnen dêr wurde socht troch Catrinus Deinum, dy't sels buorket yn Feanwâlden. Op syn pleats binne dit jier twa famkes útfanhûs, Jamie Jansen en Verna Hiensch.

De skoallet organisearret de wurkwike nei Fryslân al foar de 57e kear. Doel is dat bern mear leare oer de natuer, oer bisten en oer iten.

Trefwurden: 
kij wurkwike Amersfoort
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)