'IIs ferbynt alle Friezen'

"IIs ferbynt alle Friezen, wy ride foarop!" Dat motto stiet op de foarkant fan it bidboek fan it gewest Fryslân fan 'e KNSB. Tongersdeitejûn by de presintaasje fan de reedriders en reedrydsters yn iisstadion Thialf waard dat boekwurkje oanbean.
In groep minsken dy't it reedriden in waarm hert tadraacht, wol feroarings yn de sport. Omdat it reedriden ûnder druk stiet, moat it yn beweging komme. De krêften moatte bondele wurde, om ienriedich in sterk kollektyf te bouwen en sadwaande de sport wer populêr te meitsjen.
Sa moatte alle 230 natoeriisferienings yn Fryslân har oanslute by de KNSB. No binne dat mar 80.